Notice: Undefined offset: 2 in /mnt/web213/a1/47/52043147/htdocs/Driesum.info-nieuw-design/index.php on line 180 Driezum, een dorp in de Dokkumer Wouden

Logo Dorpsbelangen DriezumDriezum.info

Nieuws uit Driezum

Film van Wieger Jacobs

zondag 2 januari 2011, 11:46
Laatst bijgewerkt: maandag 3 januari 2011, 11:44

64 Al mear as 35 jier hâld ik my dwaande mei (amateur) filmjen. Ferline jier bin ik begûn om myn âlde, saneamde "smalfilms" op DVD te setten. Der wie hiel wat filmmateriaal en sa ha ik doe in filmke oer in stikje doarpslibben fan Wâlterswâld makke.

WJ-10-P1000530.jpg Hoewol 't de measte bylden dêr dus opnaam binne, liket my de film foar Driezumers dochs ek wol ynteressant en weardefol. By de optochten (opstelle op de Ophuystrawei ensfh.) en stikjes skoallefeest dy 't der yn foar komme, steane faak ek hiel wat persoanen út Driezum. It stikje doarpslibben giet rûchwei oer de perioade 1975-1985 (Dus kleuters fan doe, ha no sels al wer kleuters) Fierders komt der noch in stikje fan de âlderwetske (snie)winter 1979 yn byld. WJ-10-P1010999.jpg

De film sil foar it earst draait wurde op de ledengearkomste fan doarpsbelang Wâlterswâld op dv. 17 febrewaris 2011. Elk dy't de film sjen wol is dêr dan wolkom. Dêrnei is se dy jûns yn de seal te keap foar €12.- it stik. Der kin no ek al tillefoanysk sa'n film by ûndergetekende besteld wurde.

Contact